Dinsdag 19 maart 2019 08:26 uur
Kûbaard
Ontvang updates voor Kûbaard
Nettsjinsteande it wiete en stoarmige maartewaar kin de jierlikse Karweikedei dochs tige slagge neamd wurde. Op sneon 16 maart kamen de moarns mar leafst 35 frijwilligers yn it doarpshûs byelkoar foar in bakje kofje en de taakferdieling. Om healwei tsienen gyng it los: wylgen snoeie, hout fersnipperje, brêgen en strjitmeubilêr himmelje. Swerftroep opromje, houtsnippers ûnder de doarpshagen kroadzje, it Pompeblêd en de flinterberm opkreazje; troch de hiele buorren en bûtenút wiene de ploechjes frijwilligers oan ‘e slach. It wie dizze, al wer achtste, Karweikedei ien grut beweech fan reinpakken. Ek de nije ynwenners wiene goed fertsjintwurdige en kamen sa op in bysûndere wize yn de kunde mei de doarpsmienskip fan Kûbaard. Lykas wenst waard de Karweikedei ôfsluten mei in waarm miel iten yn it doarpshûs.(DH)
Lees het volledige artikel bij de bron
Bekijk al het lokale nieuws van Kûbaard