Zaterdag 19 december 2015 18:10 uur
IJlst
Ontvang updates voor IJlst
Liedsters fan pjutteboartersplak Lyts Yleke hawwe it sertifikaat “Pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling†behelle. Lyts Yleke wurket al jierren mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe dat trajekt no ôfrûne en krije dêrfoar it sertifikaat. Op woansdei 2 desimber wie it Sinteklazefeest yn Drylts. Sjoeke Kampen wie as Sinteklaas op besite en hat it sertifikaat oan liedsters Geeske Piersma en Tony Hollander oerlange. Foar de bern wie der ek fan alles te dwaan; in poppekast, ferhalen fan Sinteklaas en Dikkie Dik en der waard songen. Om’t it hast 5 desimber is, wie der ek snobbersguod, pipernuten en kadootsjes foar de bern.
Lees het volledige artikel bij de bron
Bekijk al het lokale nieuws van IJlst